Minister wol mear romte foar seehûnespotters

© Omrop Fryslân
It is hielendal net de bedoeling om op de Waadsee mear sânbanken ôf te sluten foar toeristen dy't nei seehûnen sjen wolle. Dat seit minister Henk Kamp fan Ekonomysje Saken yn reaksje op eardere nijsberjochten dêr't yn skreaun waard dat de minister fan doel wie om sânplaten by Flylân en Skiermûntseach ôf te sluten. De minister seit no dat der netto minder ferbeane gebieten komme moatte.
Om de natuer te beskermjen binne bepaalde sânplaten op de Waadsee net tagonklik foar minsken. Mar guon dêrfan soene miskien wol wer iepen kinne. "Sinds enkele jaren zijn de zeehondenpopulaties stabiel op het beoogde niveau," seit de Kamp. Omdat de sânplaten en de seehûnepopulaasje mei it jier feroarje, wurdt der alle jierren besjoen oft de regels ek oanpast wurde moatte. Hokker sânbanken krekt ferbean wurde, dat wurdt pas yn it foarjier fan 2018 besletten.