Oeren yn de rige by De Lawei foar kaarten Jochem Myjer

16 sep 2017 - 13:23

By teäter De Lawei yn Drachten steane hûnderten minsken yn de rige foar kaartsjes foar de nije foarstelling fan kabaretier Jochem Myjer. Om tolve oere begong dêr de foarferkeap, mar de earste leafhawwers soene al om sân oere paraat west ha. 

De Lawei hat der bewust foar keazen om de kaartsjes oan it loket te ferkeapjen. Sa wol it teäter foarkomme dat se massaal opkocht wurde troch ticketburo's, dy't de kaartsjes dan foar woekerprizen wer fierder ferkeapje.

Jochem Myjer treedt yn novimber trije kear op yn de Lawei yn Drachten, op 14, 15 en 16 novimber. De kabaretier skriuwt op Twitter dat er it in gutte eare fynt dat de minsken yn Drachten oeren yn de rige stean om kaartsjes te krijen foar syn nije foarstelling.

Trefwurden: 
kaartferkeap rige De Lawei
(advertinsje)