Brânwacht kontrolearret hûzen yn bûtengebieten

16 sep 2017 - 12:29

Neffens berekkeningen fan de brânwacht binne der yn it bûtengebiet fan Fryslân yn alle gefallen 1800 hûzen dêr't se net binnen 18 minuten oanwêzich wêze kinne yn gefal fan brân. It kommende jier geane brânwachtminsken persoanlik by dy hûzen del foar in preventive kontrôle.

Lokoboargemaster Jos van der Horst fan de gemeente Smellingerlân joech sneon it startsein fan de aksje, op De Feanhoop. Dat is ien fan de gebieten dêr't de brânwacht yn in needsituaasje net op 'e tiid wêze kin.

Wannear't de brânwachtminsken by de minsken delgean sjogge se ûnder oare nei de flechtrûtes, de feilichheid fan elektryske apparaten en nei de reekmelders. As it nedich is, hingje se fergees ien of twa nije reekmelders op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)