De Rottefalle fiert 130-jierrich bestean skûtsje De Rot

Op De Rottefalle is sneon it evenemint Small Sail úteinset. It sylfeest waard om 11.00 oere iepene troch wethâlder Ron van der Leck fan Smellingerlân. Der dogge 16 skippen oan mei en ek it skûtsje De Rot is fan de partij. De skippen kinne besjoen wurde en der binne in soad aktiviteiten yn it doarp en by de haven. Sneintemiddei wurdt der in floatskou oer De Lits nei De Leijen ta hâlden.
Oanlieding foar de festiviteiten is it 130-jierrich bestean fan it skûtsje de Rot, it âldste izeren skûtsje fan Nederlân. It skip is yn 1887 boud en wie eartiids twa kear yn 'e wike as beurtskip ûnderweis tusken De Rottefalle en Ljouwert. Yn 1978 bedarre it yn Spaarndam en yn 2011 is it kocht troch stichting De Freonen fan de Rot en wer werombrocht nei de thúshaven.