Nije subsydzje foar ferfanging asbestdak presintearre

16 sep 2017 - 09:34

Eigeners fan asbestdakken kinne fan no ôf gebrûk meitsje fan in nije subsydzjeregeling fan de provinsje. De regeling hjit 'Asbest eraf, Postcoderoos erop' en waard freed presintearre op de buorkerij fan Arjan Sinnige yn Burdaard. Hy en syn broer dogge mei oan it inisjatyf. Dat hâldt yn dat der nei it fuort heljen fan de asbestplaten sinnepanielen op it dak komme. De opwekke enerzjy is foar de boer sels mar wurdt ek levere oan omlizzende huzen yn itselde postkoadegebiet, de saneamde 'postcoderoos'.

Sawol foar it opromjen fan it asbest as foar de sinnepanielen is in subsydzjeregeling. De subsydzje-oanfraach wurdt dien troch de eigener fan in asbestdak dat sanearre wurdt en troch de enerzjykoöperaasje dy't op dat dak sinnepanielen leit. De eigener fan it dak kriget 4,50 euro per sanearre fjouwerkante meter, mei in maksimum fan 10.000 euro. Enerzjykoöperaasjes krije maksimaal 2.500 euro. Wa't subsydzje kriget, hat njoggen moannen de tiid om it asbest fan it dak te heljen. 

Lânbou-organisaasje LTO is ien fan de inisjatyfnimmers fan de nije regeling. Duorsumens wurdt hieltyd wichtiger foar de lânbou, seit de organisaasje. De provinsje is al op in grut ferskaat oan gebieten aktyf op it mêd fan duorsumens. Dit projekt is net sa grut mar wol tige wichtich, seit deputearre Michiel Schrier. De regeling is foarearst in pilot: as it budzjet op is, sil de provinsje evaluearje en sjen hoe't dit konsept noch rapper, makliker en goedkeaper oanbean wurde kin. 

(advertinsje)
(advertinsje)