Kollum: "Stoarmskea"

16 sep 2017 - 08:20

"Ha jim ek sa jim nocht fan dit waar? Ik fyn in bui wetter en wat wyn net sa slim, mar sa as de lêste wiken hoecht it no ek wer net. Je krije der in min sin fan. Dat waard noch slimmer nei in foarfal hjir by ús. It sit sa: Wy ha in oantal fruchtbeammen op it hiem. En we ha ek in partytinte. In nije, dy is noch mar in pear wiken âld, mar hy hat no al in grutte impact. Sil ik daliks oer fertelle.

Earst de beammen. Wy ha ien appelbeam, twa parrebeammen, ien foar stoofparren en ien foar hânparren. Dan binne der in stik as wat prommebeammen, ien dêr’t wichters oan komme, in morellebeam en we ha no ek tamme kastanjes. Dy kastanjebeammen ha ik sels kweekt út trije kastanjes dy’t ik fûn hie. Op goed gelok yn in pot de grûn yntreaun en ferdikke, der kamen ek noch beamkes fan. Dy ha ik yn de tún setten en nei in pear jier kamen der echte tamme kastanjes oan. Boompje groot, plantertje dood wie yn dit gefal dus net sa, oars hie ik dizze kollum net skriuwe kinnen.

Ik bin gek op kastanjes. Mar yn dizze rige beammen ûntbrekt ien dêr’t ik altyd al in eksimplaar fan ha woe. Krekt as eartiids thús op de pleats, woe ik graach in nutebeam. Walnuten, want dêr bin ik hielendal sljocht op. Dus ha wy dizze maitiid in nutebeam oanskaft. Opkweke hie ek in opsje west, mar dat duorret wer in oantal jierren en jo moatte it sprekwurd ek net te faak op wierheid teste, dat wy besleaten om der mar wat gong achter te setten. Ik moat earlik sizze dat it kwa model noch net in hiele kreaze beam is, hy koste ek nochal wat, mar hoe dan ek, wy ha no in nutebeam.

Op de fraach hoelang it duorje soe foardat er frucht drage soe, sei de kweker dat je wol op in jier as trije rekkenje moasten. Hy moast earst goed woartel sjitte en sa. Ik ha him plante en goed wat hinnestront jûn en dizze maitiid kamen der blêden oan dy’t der no noch oan sitte, mei oare wurden, hy hat it oerlibbe. Hy stiet pontifikaal foar it prieeltsje. Mar ik fûn by in ynspeksje dat der wat in nuver gedrocht oan kaam. Geandewei de simmer die bliken dat ús dappere nutebeam tsjin alle ferwachtings yn it earste jier al ien nút produsearre! Geweldich dochs?

Moai, no komt de bak ellinde. Sjoch, wy hienen lêstendeis in feestje mei in oantal muzykfreonen. It waar like net sa goed, dus besleat ik om in partytinte te keapjen, dan koe it altyd trochgean en bleaunen de djoere ynstruminten teminsten droech. Dy tinte setten wy tsjin it prieel oan, terraskachel lekker waarm der by en klear. It wie in moai feest.

De bern like sa’n lokaasje ek wol wat, dus lieten we de tinte even stean sadat sy op in oare jûn ek in oantal freonen freegje koenen. Dat hie ik better net dwaan kinnen. Dy tinte stean litte, bedoel ik. Doe’t ik op in moarn fan bêd kaam, it wie de moarn fan de dei dat de dochter in feestje organisearre hie, wie de partytinte fan plak wiksele. Yn in dikke wynpûster wie er oer it prieel hinne saaid, en ik ha jim krekt út de doeken dien wat der oan de oare kant fan dat prieel stiet, ús nije nutebeam dus. Dy hie no in wite jas fan flarden partytinte oan.

De buizen fan it ramt fan de tinte wienen as in hoepel sa krom, hjir en dêr siet in skuor yn en alles stronttrochwiet. Dat is in wike letter noch sa, want it hat hjir net wer drûch west. Mar it slimste komt noch, dy ferhipte tinte hat de beam beskeadige. En jim meie riede hokker takke der ôfknapt is. Krekt. De takke dêr’t dy iene walnút oan siet. It mei om my wol begjinne te friezen. Ik ha no al skjin myn nocht fan dy hjerst."

(Advertinsje)
(Advertinsje)