Resjerzje draait oeroeren troch grut tal geweldsdelikten

De Fryske resjerzje draait oeroeren fanwege it grutte tal geweldsmisdriuwen yn koarte tiid yn ús provinsje. Ofrûne simmer hat Fryslân te krijen mei seis geweldsdelikten mei deadlike ôfrin. It giet om it famyljedrama yn de Ljouwerter wyk Aldlân, de stekpartij yn in wenning oan de Wâldsterwei op It Hearrenfean, de stekpartij yn in pensjon yn Berltsum, de sjitpartij yn Easterwâlde, de dea fan Tjeerd van Seggeren yn De Westereen en meast resint de dea fan in 31-jierrige frou yn de Jan Reitsmastrjitte yn Frjentsjer. En freed wie der ek noch in sjitpartij yn Damwâld, wêrby't in Damwâldster (68) earnstich ferwûne rekke.
"It nimt in grut beslach op it resjerzjeteam fan de plysje dat bestiet út hûndert minsken'', fertelt teamsjef Wessel Veenstra. "It is in unike situaasje, dat haw ik noch nea meimakke.'' Ek hat de plysje it drok hân mei wenningoerfallen en de útlevering fan de fertochte fan de sjitpartij by Thialf. Fierder binne der de lêste moannen ek ferskate minsken dea oantroffen yn it wetter, wêrby't letter bliken die dat it om in ûngelok gie. Mar dat moat earst wol ûndersocht wurde.
De resjerzje hat te kampen mei in personielstekoart. Kollega's fan de ienheden út Grinslân en Drinte springe by, mar sels dan komt de plysje op it stuit net oeral oan ta. "It is in hektyske perioade wêryn't we keuzes meitsje moatte'', ferfolget Veenstra. "Dat betsjut dat we guon boargers teloarstelle moatte. Lytsere saken as autostellerij of mishannelingen bliuwe foarearst lizzen.''