Dijkhuizen: "Een heel mooie avond met goed voetbal"

15 sep 2017 - 23:47

Trainer Marinus Dijkhuizen fan SC Cambuur wie nei de 3-1 oerwinning op Go Ahead Eagles in bliid man. "Een heel mooie avond", sei er nei ôfrin fan de wedstriid tsjin ferslachjouwer Andor Faber. "Ik heb goed voetbal gezien van mijn ploeg en ik vind dan ook dat we verdiend hebben gewonnen. Daarnaast hebben onze beide spitsen gescoord", doelde Dijkhuizen op Martijn Barto en Karim Rossi.

Dy lêste wie krekt as syn trainer fansels bliid mei de trije punten. Minder tefreden wie er oer de penalty dy't er nei tweintich minuten by in 0-0 tuskenstân miste. Hy skeat fiersten te hurd, sa sei er nei de tiid.

Syn ploechgenoat Jesse Bertrams hie it freedtejûn smoardrok ûnder de latte yn De Adelaarshorst. "Ik heb veel te doen gehad", konkludearre de keeper fan Cambuur. "Ik ben blij dat ik mijn ploeg overeind heb kunnen houden." Bertrams hâlde in soad tsjin, mar moast dochs ien gean litte en dêr wie der mar min oer te sprekken. "Dat was dom, lullig en vervelend."

(Advertinsje)
(Advertinsje)