Oanwizings foar bûtenechtlik bern Mata Hari

Mata Hari is ien fan de grutte Ljouwerter tema's yn 2018, mar no al is op in bysûnder plak in hiel soad oer har te finen: 'De Stadsgalerie 2018'. Dat is in nije, sfearfolle galery yn de Auckemakelder ûnder it âlde stedhûs fan Ljouwert. Freed is dêr in útstalling iepene oer Mata Hari troch wethâlder Sjoerd Feitsma.
Njonken ympresjes fan Mata Hari troch in ferskaat oan keunstners, is der benammen guod te sjen út de rike kolleksje fan samler en Mata Hari-kenner Jan Brugman. Hy komt dêr ek mei oanwizings foar in mooglik bûtenechtlik bern fan Mata Hari.