SC Cambuur wint fan Go Ahead Eagles

SC Cambuur hat op besite by Go Ahead Eagles yn Deventer de twadde oerwinning fan it seizoen behelle. Troch doelpunten fan Justin Mathieu, Karim Rossi en ynfaller Martijn Barto wûn de ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen freedtejûn mei 3-1 fan 'The Eagles'.
Cambuur begûn goed oan de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Al nei fiif minuten kaam Alvin Daniels allinnich op Go Ahead Eagles-keeper Sonny Stevens ôf, mar de oanfaller koe syn klup net op foarsprong sette. Dat wie ek fuortendaliks Daniels’ lêste aksje fan de wedstriid: hy moast blessearre it fjild ferlitte.
Nei tweintich minuten spyljen krige Cambuur in penalty nei’t Xander Houtkoop delhelle waard. Spits Rossi easke de bal op, mar liet de kâns lizze en skeat de bal heech oer de goal fan Stevens. Nei dizze misser wie de ploech út Deventer it tichtst by in doelpunt, mar doelferdigener Jesse Bertrams fan de Ljouwerters stie hieltyd goed te plak. Beide ploegen sochten mei in 0-0 rêststân de klaaikeamers op.

Spitsegoals

Nei in kertier yn de twadde helte kaam Cambuur op foarsprong: op de rjochterkant sette Rossi de bal foar, wêrnei’t Mathieu de bal allinnich noch mar binnen hoegde te tikjen. Lang koe Cambuur dêr net fan genietsje: twa minuten letter makke Sam Hendriks de lykmakker al. Koart dêrnei kaam Cambuur goed wei nei’t Pieter Langedijk de bal op de peal skeat.
Even letter wie it oan de oare kant wól raak: Rossi makke syn earste goal fan it seizoen en sette dêrmei Cambuur foar de twadde kear dizze jûn op foarsprong. Kramp soarge derfoar dat er ferfongen wurde moast troch Barto. Dy lêste makke mei noch fjouwer minuten te spyljen de 3-1 foar Cambuur.