CDA Ljouwert stelt fragen oer gasboarringen by Jirnsum

Jirnsum protestearret tsjin gasboarringen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De CDA-fraksje fan gemeente Ljouwert stelt skriftlike fragen oan it kolleezje fan boargemasters en wethâlders oer de gasboarringen yn Jirnsum en omjouwing. Sa freget it CDA him ôf oft it kolleezje wol it foech hat om in fergunning foar (proef-)gasboarringen te ferlienen en oft it kolleezje fan B&W him wol bewust is fan de grutte gefolgen dy't de boarringen yn sa'n gebiet ha kinne foar minske en lânskip. Fierder wol de fraksje witte wat it kolleezje dwaan sil om de ûnrêst yn de doarpen fuort te nimmen en oft it kolleezje it der mei iens is dat der hoe dan ek gjin risiko wêze moat op ierdbevingen en boaiemdelgong.
Earder dizze moanne wiene der fuort nei de earste ynformaasjejûn oer de (proef-)gasboarringen fan Vermilion al protesten yn Jirnsum.