Bote Lei beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau

15 sep 2017 - 20:56
Underskieding - Foto: ANP

Bote Lei is freed troch lokoboargemaster Pytsje de Graaf fan de gemeente Dongeradiel beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De 51-jierrige Lei fan Dokkum hat sûnt 1992 lid west fan de frijwillige brânwacht yn Dongeradiel. Nei 25 jier naam er hjir freed ôfskied fan. Lei wie by de brânwacht sjauffeur op de tankautospuit, de helpferlieningswein en de heechwurker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)