UPDATE: Brân yn wente Drachten ûnder kontrôle

Yn in leechsteande wente oan De Warren yn Drachten is freedtejûn brân útbrutsen. Om 19:30 oere hinne waard der melding fan makke. De brânwacht is mei meardere ienheden útriden en rôp al gau op om ruten en doarren ticht te hâlden yn ferbân mei reekûntwikkeling. Krekt foar njoggenen wie de brân ûnder kontrôle. Omdat de wente leech stie, wurdt der fan útgien dat der gjin persoanen yn it pân oanwêzich wiene. De oarsaak fan de brân is net dúdlik.