Noch trije kânshawwers foar titel 'Dichter fan Fryslân'

De sjuery hat út 36 gadingmakkers trije dichters útsocht dy't noch kâns meitsje op de titel 'Dichter fan Fryslân'. Dêr kin fan freed ôf op stimd wurde. De útkomsten dêrfan nimt de faksjuery mei yn syn definitive kar foar de Dichter fan Fryslân.
Tsjin dizze ferkiezing is ferset ûntstien fan in kollektyf fan dichters. Dy binne it net iens mei de manier wêrop't de provinsjale dichter útkeazen wurdt. Wa't de Dichter fan Fryslân wurdt, sil op 24 novimber yn Balk bekend makke wurde. De dichter moat de poëzij tichter by de minsken bringe.