FIDEO: Frjentsjerter skoalbern yn aksje foar Sint Maarten

15 sep 2017 - 18:49

Ek op kristlike basisskoalle De Toermalijn yn Frjentsjer wurdt aksje fierd. De bern rinne in sponsorloop en der wurde lege flessen ynsammele. De opbringst is foar de slachtoffers fan de orkaan op Sint Maarten. Foar twa learlingen fan de skoalle hat de aksje ekstra betsjutting. Aniek en Jort Snijdelaar harren heit is as marinier op Sint Maarten om de slachtoffers te helpen. Bas Snijdelaar is earste ofsier by de marine en soarget foar logistike operaasjes. Der wurdt yn de klasse fan Jort, groep 7, in filmke toand dat de heit sels makke hat op it eilân. Jort fynt it tige spannend wat syn heit docht, en hy is ek wol grutsk. Dochs fynt hy it ek dreech dat hy syn heit mear as fjouwer moanne net sjocht.

(advertinsje)
(advertinsje)