Bettere oansluting tusken ûnderwiis en arbeidsmerk

It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De provinsje ynvestearret de kommende jierren twa-en-in-heal miljoen euro yn in bettere oansluting tusken ûnderwiis en arbeidsmerk. Want dy kin in stik better as at it no is. Dêrom ha bedriuwen en skoallen mei elkoar om de tafel sitten om te bepraten hoe't it oars moat.
Beide partijen wurkje ek al gear om vmbo- en mbo-learlingen better ta te rieden op de arbeidsmerk. Sa lûke de jachtbousektor en ROC Friese Poort mei elkoar op. Troch de koarte lyntsjes kin de skoalle opliedings oanpasse oan de nijste ûntwikkelingen yn it bedriuwslibben.