Gjin feroarings by SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean begjint sneon yn de wedstriid tsjin Excelsior mei deselde spilers as ferline wike tsjin PSV. Hearrenfean hat eltsenien fit. Allinnich keeper Warner Hahn, dy't foar lange tiid útskeakele is, is der net by.
Stijn Schaars: "We moeten proberen met dezelfde mentaliteit te beginnen als vorige week tegen PSV. Als je vijf procent minder bent, weet je dat je het tegen een ploeg als Excelsior moeilijk gaat krijgen." Ek Thorsby is him dêr bewust fan: "Iedereen weet dat je net zo moet beginnen als tegen PSV. Wij kunnen ons het niet veroorloven met een andere instelling te beginnen."
Sportklup Hearrenfean hat Arjen van der Heide fêstlein oant 2020. Van der Heide is 15 jier, wennet op It Hearrenfean en spilet al fanôf de D-junioaren by Hearrenfean. Hy makke yn de tarieding al syn debút foar it earste.
De wedstriid Excelsior-Hearrenfean is sneon live te folgen op Omrop Fryslân radio fan 18.30 ôf.