UPDATE: Man (68) ferwûne by sjitynsidint Damwâld

15 sep 2017 - 16:54

Yn Damwâld hat freedtemiddei in sjitynsidint west oan de Mûnewei. Hjirby is in 68-jierrige man út Damwâld ferwûne rekke. Hy is behannele by de húsdokter en nei it sikehûs oerbrocht. De plysje docht noch ûndersyk, der is noch net ien oanholden.

Wurdfierder fan de Plysje Fryslân Pyter de Roos: ''It slachtoffer koe sels nei de húsdokter tsjinoer it plak fan sjitten tarinne. Dêr is de man mei help fan it oanwêzige ambulânsepersoniel behannele, wêrnei't er nei it sikehûs brocht is. De plysje is no dwaande de spoaren feilich te stellen en te efterheljen wa't de fertochte is. Wy roppe tsjûgen op harren te melden fia 0900-8844."

Oanwêzige tsjûgen sizze dat it mooglik om in skeel yn de relaasjesfear giet.

Trefwurden: 
sjitynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)