Auto folslein útbaarnd by Frjentsjer

15 sep 2017 - 16:31

Op de grutte dyk by Frjentsjer, de A31, is freedtemiddei in auto folslein útbaarnd. Hoe't it fjoer ûntstien is, is net bekend. Doe't de brânwacht derby kaam, wie de auto al net mear te rêden. De bestjoerder en passazjier dy't yn de auto sieten koene der op 'e tiid útkomme.

Trefwurden: 
auto Frjentsjer A31 útbaarnd
(Advertinsje)
(Advertinsje)