Omrop TIP: Wrâldskoalle op It Hearrenfean

De lytse katolike Sint Jozefskoalle stiet yn in eardere arbeidswyk yn it sintrum fan Hearrenfean. De basisskoalle, mei 85 learlingen út 20 lannen, fynt it wichtich om learlingen ta te rieden op in libben as wrâldboarger.

Nasjonaliteiten

Neist de Nederlânske bern sit op dizze skoalle learlingen fan wol 20 ferskillende nasjonaliteiten. Under oare út lannen sa as Syrië, Eritreä en Kongo. De krêft fan dizze skoalle is dat de bern al betiid mei-inoar kultuer en taal yn oanrekking komme. Neffens de ynspeksje hat de skoalle in noflik en feilich learomjouwing. In soad fan de bern streame troch nei de havo of it vwo.

‘’Diversiteit is onze kracht’’

Annemieke Kok, de direkteur fan de skoalle: "Diversiteit is juist onze kracht. Onze school is een ideale oefenplek voor de wereldburgers van morgen. We werken iedere dag aan een veilig en prettig leerklimaat, dat gestoeld is op wederzijds respect en samenwerking. We zorgen ervoor dat kinderen hier op school niet de hele tijd aan het ‘overleven’ zijn maar de ruimte krijgen om zichzelf te leren kennen en hun talenten te ontdekken”. Fryslân DOK sjocht nei de krêft fan dizze ‘wrâldskoalle’: hoe’t in skoalle, ek fan kânsearme bern, sterke wrâldboargers makket.

Fan Aleppo nei It Hearrenfean

Yn de dokumintêre folgje wy Aya (9) út Aleppo en Saron (11) út Eritreä. Aya is foarich jier oktober it oarlochsgebiet ûntflechte. Yn fernuverjend goed Nederlânsk fertelt sy hoe’t sy seach hoe’t har bêste freondinne omkaam by in bombardemint. Saron siet in jier lang sûnder ûnderwiis op in ambassade. Sy wachte dêr mei har pake oant sy in fisum krige om nei har âlden yn Nederlân te kommen.

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Wrâldskoalle op It Hearrenfean’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere.