Foppe de Haan beneamd ta lid Fryske Akademy

15 sep 2017 - 16:03
Foppe de Haan, âld rjochter Rienk Wegener Sleeswijk en heechlearaar genetika Cisca Wijmenga - Foto: Fryske Akademy

Foppe de Haan is freed útroppen ta lid fan de Fryske Akademy. De 74-jierrige fuotbaltrainer dy't ôfrûne simmer Europeesk kampioen waard mei de Nederlanske fuotbalfroulju, krige it ledespjeldsje yn de Ljouwerter tsjerke De Fontein opspjelde troch direkteur-bestjoerder Hanno Brand. Dit alles barde op de Akademydei, de jierlikse gearkomste foar leden en stipers fan de feriening.

De Fryske Akademy hat De Haan it spjeldsje jûn fanwege syn fertsjinsten foar de Fryske kultuer. "Behalve oan it imago fan syn fuotbalklup SC Hearrenfean hat Foppe de Haan ek bydroegen oan it ferbetterjen fan it imago fan Fryslân en it Frysk yn ús hiele lân", sa falt yn it sjueryrapport te lêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)