FIDEO: Provinsje presintearret ov-vlogger Darshan Boerema

Yn Drachten is freedtemoarn de earste ov-vlogger fan de provinsje Fryslân presintearre. De 17-jierrige Darshan Boerema sil de sjogger meinimme yn it iepenbier ferfier en sjen litte wat der no sa moai of just min oan is.
De vlogger waard presintearre troch deputearre Kramer fan Provinsjale Steaten. Doel is de jongerein mear te belûken by it iepenbier ferfier. Yn de vlogs sil Darshan benammen sjen litte hoe't er syn reis belibbet en wat syn ûnderfiningen binne as hy yn it iepenbier ferfier sit.