Mingde reaksjes op freedsmerk oer Sint Maarten-aksje

15 sep 2017 - 14:00

"As je dy ûntreddering sjogge, bin je bliid dat je wat dwaan kinne". Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de grutte radio- en telefyzje-aksje Nederland helpt Sint Maarten. "By grutte aksjes jouwe wy altyd, wy ha hjir safolle!".

Fansels wiene der ek kanttekeningen: "Soe it wol te plak komme? Ik bin wol wat huverich." En noch konkreter: "Je hebt het met de aktie voor Haïti gezien: het helpt niet!". "Se woene dêr neat mear mei Nederlân út te stean ha. Mar no't it yn 'e war is, raze se dat we te let binne!"

Wer oaren fûnen de drompel fan de giro wat te heech: "Se moatte hjir wol oan de doar komme, dan kin se wat krije". Mar de measten wiene ree om wat te dwaan: "Se bin dêr yn need. Dan moatte je helpe. Klear."

Trefwurden: 
ynsammelaksje Sint Maarten
(Advertinsje)
(Advertinsje)