Organisaasje Polo Riis hie "de triennen yn de eagen"

De organisaasje fan Polo Riis hat der alles oan dien om it evenemint trochgean te litten, mar úteinlik kin it gewoan net: it terrein is te wiet. Neidat earder dizze wike de festiviteiten ôfsein waarden, is tongersdei yn oerlis mei it nasjonale polobûn ek de polowedstriid fan it kommende wykein skrast. De feilichheid foar de spilers en de hynders koe net garandearre wurde.
Ule Haarsma fan de organisaasje is der bot troch oandien, ek al is het waar freed wat better. "Justermiddei wiene we hjir en dan krij je in bytsje de triennen yn de eagen fan hoe't it fjild derby lei. Alle enerzjy ha je deryn en je ha de sinten deryn sitten en dan moatte je konkludearje dat je it ôfblaze moatte. Dat is hiel skande."
De organisaasje wol dochs trochgean mei it evenemint, ek al kamen se ferline jier net út de kosten en kostet it har dit jier ek jild. Hoe grut de skea is, wit Haarsma net. "Dat wol ik op dit momint ek noch net witte. Der binne kosten makke en sa is it gewoan."
Sneontemiddei sil de organisaasje oerlis ha mei de sponsors oer hoe no fierder, want it is de bedoeling dat it evenemint in tradysje wurdt. Dit hie de twadde edysje wêze sillen.