Fryske foedselbanken ha feilich itenswaar

De Stichting Samenwerkende Voedselbanken Fryslân (SSVF) docht it goed as it giet om de feilichheid fan it iten dat útdield wurdt. Dat docht bliken út in ûndersyk, dat útfierd is troch Sensz. De Fryske foedselbanken krije it rapportsifer 9,7. Foarsitter Nysius van Rijn fan de SSVF is grutsk op it resultaat. Yn Fryslân binne fjirtjin foedselbanken by de stichting oansletten.