Liander moat belesting betelje oan gemeente Hearrenfean

15 sep 2017 - 10:51
Liander - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Netbehearder Liander moat oer de perioade 2011-2016 belesting betelje oan de gemeente Hearrenfean. De gemeente heft belesting op kabels en liedingen dy't yn of boppe gemeentegrûn rinne. Liander makke dêr beswier tsjin, mar it Gerjochtshôf hat de gemeente gelyk jûn. Earder die de rjochtbank dat ek al.

Wethâlder Jelle Zoetendal is wiis mei de dúdlikheid dy't der no is. It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders wol in bedrach fan 11 miljoen euro, dat om dizze reden noch reservearre stie, ûnderbringe yn de algemiene reserve.

(advertinsje)
(advertinsje)