Kollum: "Feestje"

15 sep 2017 - 08:30

"Ien fan ús echte jonges hie ôfrûne freed in feest omdat er 18 jier wurde soe. Hy hie in DJ regele, it skiphûs opromme en boadskippen helle mei syn freon dy’t al 18 west hat. Se hiene benammen drank en frisdrank ynslein, mar mem, muoike en beppe fûnen dat gjin goed idee dus hawwe wy soarge foar hin, sjips en broadsjes.

It waard al gau drok. Der soene ek jongelju op ús folchboat sliepen bliuwe en de gasten kamen oeral út Fryslân wei. Ik hie my der fierder net hiel bot mei dwaande holden en ik wie ek lang net fit dat ik siet moai yn ‘e hûs nei bûten te sjen en makke de hin waarm yn ‘e oven.

Op in bepaald momint seach ik in stoel yn ‘e gong stean dy’t der oars noait stiet en ik frege oan ús dochter wêrom’t dat sa wie. "Dy hawwe wy efkes nedich", sei se geheimsinnich en ik wist fuortendaliks hoe let it wie. "Nee, wol!", rôp ik. ‘Gjin stripper!’ Se gnyske, mar sei fierder neat.

En doe ynienen stie der in frommeske yn in inyminyrokje op allemachtich hege hakken yn ‘e tún mei in keale kleankast derneist. In pear oare jongelju hiene har al opfongen. "Och heden", sei ik. "U bent zeker de moeder", lake se en se rûnen nei it skiphûs. Ik hearde elkenien wol razen en joeljen, mar ik hie gjin ferlet om it te sjen. Beppe wol, dy wie yntusken mei de broadsjes kaam. Se hie noch noait in stripper sjoen en fûn it geweldich! De jeugd ek want it frommeske die alle klean út en dat dogge se oars noait!

Fuortendaliks nei it stripperaventoer hie immen de wc op ‘e folchboat derûnder spuid en de gasthear flokte lûd doe’t er it hearde en it opromje soe. Mar lokkich wiene der in pear flinke froulju dy’t dat putsje foar him dien ha en de echte jonge dy’t alles derút koarre hat, hat him deljûn op ‘e Ouwe Piet. "Ik wol gjin spuierij op ien fan dy bêden!", rôp ik mar dat soe net barre want syn freondinne wie derby en sy wie krekt sa as my. Hiel serieus en se dronk ek gjin alkohol. En hy hie in amer en in tobke mei. "Mem, it komt goed!"

Doe’t ik wer op ‘e drompel fan it skiphûs stie, hiene de measte jonges en famkes it shirt út en se dûnsen op it ferske Shirt uit en zwaaien. Ik hie it idee dat ik op ‘e Feanhoop wie en der wiene yntusken ek in pear dy’t wat ferfelend waarden. Ik hie pineholle en woe graach op bêd mar hie ek it gefoel dat it wolris bargebiten wurde koe. Dus ha ik fuortendaliks neidat de DJ opholden wie in groep oansketten wyld út it wâld nei hûs brocht. Ik hie myn buske oan ‘e harses ta fol mar it gong sa bêst as wat. Doe’t ik de jonges thúsbrocht hie, frege ien fan harren: "En? Skriuwe jo hjir no ek in kollum oer?" "Miskien wol", sei ik.

Wer thús, wie der yntusken immen oer de hege brêge rûn omdat er lilk wie en it hiele ein werom nei de Súdwesthoeke rinne soe. Eat mei in famke, drank en emoasjes. De gasthear suchte en skodholle. "Ik jou noait wer in feestje!" Hy stampfuotte nei it skiphûs wylst syn grutte broer de boel delbêde en stadichoan waard it wer rêstich op ‘e Bûtenstreek.

Yn Warten kinne se omraak sile en sûpe en der is wol gauris in stripper op in feestje. Dus as ik oer 4 jier 50 wurd, naai ik út."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)