Auto klapt tsjin beam yn sintrum Snits, bestjoerder ferwûne

15 sep 2017 - 07:13

Yn Snits is tongersdeitenacht in bestjoerder ferwûne rekke doe't er mei syn auto út de bocht fleach en tsjin in beam klapte. Dat barde op de Prins Hendrikkade yn it sintrum fan de stêd. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De auto ried rjochting it sintrum, rekke yn in bocht in beam en kaam ta stilstân tsjin in oare beam. It like derop dat de bestjoerder beknypt siet, mar dat wie net sa en dêrtroch hoegde de brânwacht net yn aksje te kommen. De tadracht fan it ûngelok is net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)