Trije Fryske rekreaasjebedriuwen yn de prizen

Rekreaasje yn Kollumerpomp © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trije rekreaasjebedriuwen yn Fryslân binne yn de prizen fallen by de Eropuit in Eigen Land Prijs 2016-2017. Yn de kategory hotel helle De Gekroonde Leeuw yn Arum de earste priis. Natuurlijk Kollumeroord yn Kollumerpomp waard twadde yn de kategory groepsakkommodaasje en by de apparteminten pakte De Zilte Zee op It Amelân it tredde plak.
Minsken koene op de webside eropuitineigenland.nl stimme op harren favorite akkommodaasje, restaurant en deitripke. De Eropuit in Eigen Land Prijs waard dit jier foar de sânde kear útrikt.