Lemsters tefreden oer plannen foar 'Eintsje fan 'e daam'

14 sep 2017 - 22:01
Lemsters lieten earder manmachtich sjen dat se foar behâld fan de daam en it gebouke binne - Foto: Twitter, Hilda Boesjes

De plannen foar it 'Eintsje fan 'e daam' op De Lemmer binne tongersdeitejûn presintearre. Neffens de klankboerdgroep hat de gemeente De Fryske Marren goed harke nei de winsken fan de befolking. De Westhavendam en it gebouke dat op de ein stiet, sille opknapt wurde. It gebouke soe earst sloopt wurde, mar dêr kaam ferset op en de sloop gie net troch.

De klankboerdgroep hopet dat de gemeenteried it 'Eintsje fan 'e daam' oanwize sil as gemeentlike monumint. Dat soe in goede beskerming betsjutte op de lange termyn. De ried praat yn novimber oer de plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)