"Stjoer gjin jild, mar boumaterialen en frachtauto's"

14 sep 2017 - 20:54

Op Sint Maarten is benammen ferlet fan frachtauto's, bulldozers en boumaterialen. Dat seit Cor Sikkes dy't sûnt seis jier op it eilân wennet. Hy wurket dêr as dosint. Sikkes ropt op om gjin jild te stjoeren, omdat er gjin betrouwen yn it regear hat.

It is no in wike lyn dat orkaan Irma it hiel eilân yn pún sloech. Noch altyd komt de helpferliening dreech op gong. Minsken hawwe driuwend ferlet fan iten en drinken. Omdat neat oprêden wurdt, is it stjonkende binde op it eilân. Fan Sikkes syn hús is it dak ôf en der stiet oardel meter seewetter yn dat ek noch fersmoarge rekke. Hy hat mei de húshâlding in wike yn the American University skûle, mar se moasten dêr no ek út. Freed is der in lanlike helpaksje foar Sint Maarten en de oare troffen eilannen yn it Karibysk gebiet.

Sikkes sprekt syn soargen út oer de tastân op Sint Maarten. "Der is hjir in grut hotel. Dêr sieten in hiel soad minsken yn. Neffens my binne in hiel soad dea. Dy lizze dêr noch. It offisjele deadetal sil folle heger útkomme as no. Buorlju fan ús hawwe twa deade bern sjoen."

"De helpferliening ferrint oant no ta gaoatysk" seit Sikkes. "Wy hawwe noch wol wat iten en wetter foar in pear dagen, mar wy witte net wër't wy wetter krije kinne.":

"Yn dy Amerikaanske Univeriteit sieten dus Amerikanen, mar ek in pear locals mei lytse bern. Bewakers dy't ynflein wiene út Amerika seine op in stuit tsjin dy minsken: "Jim moatte fuort. Dit is American property. "Dy minsken stiene dus op de dyk. Dat is dochs ferskriklik."

Trefwurden: 
Sint Maarten Cor Sikkes
(Advertinsje)
(Advertinsje)