Jildkrapte driget Kamers met Kansen nekke om te draaien

De ein driget foar Kamers met Kansen. Dat biedt help oan ROC-learlingen dy't troch problemen thús of op skoalle net oan learen takomme. Fanwege jildkrapte by partners lykas opfangorganisaasje Zienn, de gemeente Ljouwert en de ROC's, driget de ein Kamers met Kansen.
Ambassadeur Roel Sluiter fan Kamers met Kansen seit dat it 5 foar tolven is. Der moatte trochbraakkonferinsjes komme om foar te kommen dat it projekt ferdwynt. Foardat dy konferinsjes der komme foar alle Fryske gemeenten, is in brânbrief stjoerd. De earste konferinsjes soene al foar de simmer wêze, mar dat is net slagge. Se komme der no sa gau as mooglik