Oranjefroulju winne oefenwedstriid tsjin België

Bliidskip nei twadde doelpunt © Screenshot Twitter OranjeLeeuwinnen
De fuotbalfroulju hawwe tongersdeitemiddei de earste wedstriid nei it Europeesk Kampioenskip wûn. Yn Tubeke wûnen de Oranjeliuwinnen de oefenwedstriid tsjin België mei 2-1. Nei 20 minuten kopte Anouk Dekker de iepeningstreffer yn de touwen en in kertier letter makke Shanice van de Sanden de 2-0, dat wie de rêststân. Nei tsien minuten yn de twadde helte skoarden de Belgen mei Tine de Caigny.
De wedstriid dy't foar freed op it programma stie, tsjin Denemarken, giet net troch.