FIDEO: Fuotbalkantine op de sûne toer

14 sep 2017 - 17:19

Dêr't de measte sportkantines fette snacks en snobbersguod ferkeapje, docht fuotbalklup LVV Friesland út Ljouwert it dit jier hielendal oars. Dêr kinst tsjinwurdich fergees fruit krije en wurde der sûnere broadsjes ferkocht. Dit dogge se om't se fine dat benammen de jongerein mear kar hawwe moatte dan allinnich de net sûne snacks.

It betsjut net dat der neat oars mear te krijen is. Marcel Stuurhaan, dy't de nije produkten yntrodusearre hat by de klup, fertelt: "We verkopen nog gewoon gehaktballen en bier. Dat is ook een groot deel van de omzet van onze kantine. Daarnaast bieden we nu echter ook gezondere varianten. We zijn geen gezonde, maar een gezondere kantine".

(advertinsje)
(advertinsje)