Wurkstraf easke foar belutsenheid by himpkwekerij

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in man út Grinzer Pein is 200 oeren wurkstraf easke en twa moanne sel ûnder betingst, omdat er yn syn bedriuwspân yn Drachten romte beskikber steld hie foar in himpkwekerij. De kwekerij waard trije jier lyn oprôle. De man seit sels dat er dêr neat mei te krijen hat, mar dat er wol bewakingskamera's levere oan klanten dy't in soad yn de himptylt sieten. De man wurdt ek fertochte fan it wytwaskjen fan in caravan mei in wearde fan twa ton. Dy stie op in camping yn Kropswolde en wie stellen. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.