Sloop Drachtsterbrêge duorret langer

Drachtsterbrêge is net mear nedich fanwege it fiadukt © Omrop Fryslân, Aise van Beets
It Aldlânsfiadukt yn de Ljouwerter wyk Aldlân bliuwt noch in wike langer ticht. De dyk waard ferline wike ôfsletten yn ferbân mei de sloop fan de Drachtsterbrêge en soe eins freed wer iepengean. Mar it slopen fan de brêge boppe it fiadukt freget mear tiid en dêrom bliuwt it fiadukt yn elk gefal noch in wike ticht. It ferkear wurdt omlaat.