Undersyk: wêr komme oanspielde doppen Skylge wei

14 sep 2017 - 16:46
Stikjes plestik op de it strân - Foto: Staatsbosbeheer

De Waadferiening organisearret takom wike foar de tsiende kear in grutte himmelaksje op Skylge. Sa'n twahûndert frijwilligers dogge dêroan mei. Se hawwe dizze kear spesjaal omtinken foar alle doppen dy't oanspiele. Dy hearre by de top fiif fan smoargens yn see dat it meast deadlik is foar bisten. Dy tinke dat it fretten is en stjerre faak as se it ite.

De doppen dy't fûn wurde, wurde apart ynsammele. Dat wurdt dien yn it ramt fan in grut ûndersyk nei wêr't de doppen weikomme en hoe't se har bewege troch de see. It doel fan dat ûndersyk is om de feroarsaker fan de smoargens by de boarne oan te pakken.

Trefwurden: 
Skylge natuer plestik
(Advertinsje)
(Advertinsje)