Undersyk nei wenwinsken yn SW-Fryslân en Littenseradiel

© Omrop Fryslân
De gemeenten Súdwest-Fryslân en Littenseradiel litte ûndersykje hoe't de ynwenners yn de takomst wenje wolle en hokker stipe oft se dêrfoar hawwe wolle. De gemeenten wolle sa útfine oft it oanbod fan huzen en soarch wol past by wêr't minsken ferlet fan hawwe. Súdwest-Fryslân en Littenseradiel fine dat de minsken soks sels better beoardiele kinne as sy. Mei de útkomsten wolle se knyppunten tusken fraach en oanbod oplosse.