Sochte Frjentsjerter man noch hieltyd poater

14 sep 2017 - 16:39
De bewenster fan de Jan Reitsmastrjitte is troch in misdriuw om it libben kaam - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De plysje hat noch hieltyd de man net fûn dy't socht wurdt yn ferbân mei de frou dy't tiisdei dea fûn waard yn in hûs yn Frjentsjer. De man is de partner fan de frou. Hy soe yn oerspannen tastân fan hûs fuortgien wêze. De plysje siket net mear yn it fjild nei de man, mar rjochtet him op de spoaren dy't it ûndersyk nei de dea fan de frou opsmiten hawwe. De plysje hâldt der sterk rekken mei dat de frou troch in misdriuw om it libben brocht is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)