Wyb Feddema: "Democratie kan zijn werk nu niet doen"

14 sep 2017 - 18:15

Hy stiet neffens eigen sizzen "perpleks". De bekende Ljouwerter politikus Wyb Feddema stiet net op de kandidatelist fan Gemeentebelangen foar de weryndielingsferkiezings fan novimber. In bysûndere gong fan saken, want Feddema wurdt op 18 septimber wer ynstallearre as gemeenteriedslid, neidat er himsels earder tydlik weromluts fanwege de rjochtsaak oer de grutte brân op De Kelders, dêr't in hierder fan Feddema by om it libben kaam. Feddema waard frijsprutsen en kin sadwaande wer weromkomme as riedslid. It is mar foar in koart skoftke, mar yn dy tiid sil Feddema syn "stinkende best" dwaan, "want ik heb nog veel ideeën en veel energie voor de gemeente."

Feddema set fraachtekens by de proseduere by Gemeentebelangen, want de ôfrûne maaitiid frege itselde bestjoer him noch om him op 'e nij kandidaat te stellen. "Ik was graag eerder geïnformeerd. Dan had ik zelf ook een andere afweging kunnen maken."

Feddema hie sels fanwege syn leeftiid en ûnderfining (64) wol rekken hâlden mei in leger plak op de list. "Dat had ik logisch gevonden, om op die manier ruimte te bieden aan jong talent, vrouwen en mensen buiten de stad." Mar it bestjoer fan Gemeentebelangen woe dat net fanwege it risiko dat Feddema dochs wer keazen wurde soe mei foarkarstimmen. Feddema hat dêr gjin begrip foar. "De democratie kan nu zijn werk niet doen." Feddema fynt it ek net tûk fan Gemeentebelangen. "Bij de vorige verkiezingen waren mijn stemmen goed voor bijna drie zetels. Ik kan me voorstellen dat Gemeentebelangen dat gaat merken. Maar overigens wens ik ze alle goeds, want een goede plaatselijke politieke partij is erg belangrijk voor een gemeente."

De âld-VVD'er Feddema sil gjin war dwaan om opnij yn de ried te kommen foar in oare partij, mar sjocht noch wol in rol foar himsels as ombudsman. "Veel mensen weten bij de gemeente niet wie ze moeten hebben, maar ze weten mij wel te vinden. Daar kan ik mogelijk een rol in spelen."

Trefwurden: 
Wyb Feddema
(Advertinsje)
(Advertinsje)