Brânwacht op 'en paad nei efterôflizzende hûzen

14 sep 2017 - 16:32
Boargemaster Roel Sluiter fan Harns mei de brânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De brânwacht begjint no sneon mei in grutte aksje om huzen dy't dreech te berikken binne op brânfeilichheid te kontrolearjen. It giet om huzen dêr't de brânwacht net binnen de foarskreaune tiid wêze kin. Brânwachtminsken sille de kommende tiid by de minsken dy't dêr wenje del om te praten oer oft se bygelyks wol reekmelders hawwe en oft se wol witte hoe't se it hûs útkomme kinne as dêr brân útbrekt. De brânwacht giet de kommende tiid by 1800 adressen del. De offisjele start fan de aksje is sneon op De Feanhoop.

Trefwurden: 
brânwacht
(advertinsje)
(advertinsje)