"Oanjefte of net, Taxi Witteveen krijt dokuminten net werom"

Taksy © ANP XTRA
Jan Poepjes út Balk is net fan doel om dokuminten mei persoansgegevens werom te jaan oan taksybedriuw Witteveen. Moandeitemiddei seach Poepjes dat der dokuminten fan kliïnten yn it dashboardkastje fan in taksy leinen dêr't syn soan yn ferfierd waard. En dat wylst it taksybedriuw tasein hie dat alle papieren, dy't se ûnrjochtmjittich krigen hawwe fan de gemeente De Fryske Marren, ferneatigje hie.
De oare deis hat Poepjes de dokuminten út de taksy meinaam. It taksybedriuw hat him dêrop in e-mail stjoerd dêr't se yn sizze dat Poepjes en syn frou harren skuldich meitsje oan stellerij en it bedriging fan de sjauffeuse. De ferfierder easket dat Poepjes it dokumint foar tongersdei tsien oere ynleverjen soe. Dogge se dat net, dan docht de ferfierder oanjefte tsjin him.
Poepjes seit dat de sjauffeuse de dokuminten frijwillich oerlange hat. Der is gjin sprake fan bedriging. Hy wol de dokuminten net weromjaan oan Witteveen. Hy is fan doel om se tegearre mei wethâlder Veltman te ferneatigjen. Oant no ta hat Poepjes noch gjin melding krige fan in oanjefte.
De gemeente De Fryske Marren hat moandeitejûn noch ekskuzes oanbean foar de flater. De gemeente hat gegevens oer de bern oan taksybedriuw Witteveen jûn, mar hie dêr tastimming fan de âlden foar freegje moatten. It giet om ynformaasje dy't fan belang is foar de ferfierder om te witten. Yn in e-mail hat Taxi Witteveen sein dat se alle dokuminten ferneatigje soene.