Hoe sit it krekt mei de Gemeenteriedsferkiezingen 2017/2018

16 sep 2017 - 06:57

De reade potleaden binne noch mar krekt opburgen, of se kinne alwer foar it ljocht brocht wurde. En net ien kear, net twa kear, mar yn in jier tiid meie wy ús yn Fryslân opmeitsje foar mar leafst trije ferkiezingen. En alle trije ferkiezingen binne foar de gemeenteried. Hoe kin dit, wa mei der stimme, en wat stiet der op it spul? Hjirûnder alle antwurden.
 

Wannear binne de ferkiezingen?

De earste gemeenteriedsferkiezingen binne noch dit jier, yn 2017. Om krekt te wêzen binne dizze ferkiezingen op woansdei 22 novimber fan 7 oere moarns oant 9 oere jûns. Dit hat te krijen mei de weryndieling fan in grut ferskaat oan gemeenten yn Fryslân. Op 21 maart 2018 is it grutste part fan de Fryske gemeenten oan bar om in nije gemeenteried te kiezen. En yn de hjerst fan 2018 meie de lêste gemeenten harren lokale folksfertsjintwurdiging kieze.

Ferkiezingen yn 2017, wa mei der stimme?

Fan 1 jannewaris 2018 ôf sille in protte gemeenten ophâlde te bestean. Se fusearje of wurde opnaam yn in gruttere al besteande gemeente. Dizze gemeenten kinne net wachtsje op de ferkiezingen yn maart, fandêr dat der al in novimber fan dit jier keazen wurdt foar in nije gemeenteried. Yn Fryslân giet it om de folgjende gemeenten dy't yn novimber nei de stimbus meie:


- Súdwest-Fryslân en Littenseradiel (Nije gemeente: Súdwest-Fryslân)
Littenseradiel wurdt opsplitst en komt foar in part by de gemeente Súdwest-Fryslân, hjirtroch moat de folsleine gemeente Súdwest-Fryslân earder nei de stimbus.

- Ljouwert, Ljouwerteradiel en Littenseradiel (Nije gemeente: Ljouwert)
Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel wurde fan 1 jannewaris 2018 ôf part fan de gemeente Ljouwert. Hjirtroch moatte de ynwenners fan dizze trije gemeenten in nij bestjoer fan de gemeente Ljouwert útkieze.

- It Bilt, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, en Littenseradiel (Nije gemeente: Waadhoeke)
It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel hâlde fan 1 jannewaris 2018 folslein op te bestean, se fusearje en rjochtsje in folslein nije gemeente op: Waadhoeke. Hjir komt ek noch in stikje fan Littenseradiel by.

Benammen foar de ynwenners fan Littenseradiel is it op 22 novimber oplette. De lytse plattelânsgemeente wurdt opdield yn trije stikken dy't elk by in oare nije gemeente komme.

Hoe sit it mei de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Dy sille dochs ek fusearje? En hoe komt it dan mei Dantumadiel? 

De gemeenten yn Noardeast Fryslân sille yndied fusearje, mar dat bart pas in jier letter: op 1 jannewaris 2019. De gemeente Dantumadiel is hjir dan ek wer in spesjaal gefal yn. Sy sille benammen op bestjoerlik mêd gearwurkje mei de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Se fusearje net. Dat betsjut dat de ynwenners fan Dantumadiel 'gewoan' op 21 maart 2018, mei alle oare gemeenteriedsferkiezingen yn Nederlân, nei de stimbus meie. Foar de oare trije gemeenten yn Noardeast Fryslân jildt dat de gemeenteriedsferkiezingen yn de hjerst fan 2018 organisearre wurde. Sa't it no stiet, sil dit barre op 21 novimber 2018, mar dizze datum moat noch goedkard wurde troch it kabinet.

En de oare gemeenten?

De gemeenten dy't net fusearje, en dy't gjin part fan in oare gemeente oernimme (lykas Súdwest-Fryslân) meie op woansdei 21 maart nei de stimbus, tagelyk mei it gros fan de gemeenten yn Nederlân.

Wêrom altyd op woansdei?

Yn Nederlân is it gewoan dat der op woansdei stimd wurdt. Dit yn tsjinstelling ta lannen om ús hinne, dêr't faak op snein stimd wurdt. De snein is lykwols gjin opsje foar Nederlân om't in tal ortodoks-protestantske mienskippen fanwege de sneinsrêst gjin stim útbringe wolle op snein. It regear wol safolle mooglik minsken de gelegenheid jaan om te stimmen. De freed en sneon falle om dy reden ek ôf om't oare grutte groepen minsken, lykas Moslims en Joaden krekt op dy dagen harren religieuze fieringen hawwe. De moandei wurdt sjoen as minder geskikt om't oars de lêste tariedings foar de ferkiezingen yn it wykein plakfine soene. De tiisdei en tongersdei binne lykas de woansdei prima geskikt foar in ferkiezingsdei. Dochs hat woansdei de foarkar. Dit komt om't de basisskoallen, dêr't in protte stimlokalen ûnderbrocht wurde, op dy dei de minste lêst hawwe fan de ferkiezingen. Tradisjoneel hawwe basisskoallen op woansdei in koartere dei, wêrtroch de bern minder lêst hawwe soene fan de stimmerij.

Wêrom wachtsje se net mei de weryndieling oant nei 21 maart 2018, dan kin elkenien gewoan tagelyk stimme?

De weryndieling giet yn Nederlân altyd per 1 jannewaris yn. Hjirtroch moatte de ferkiezingen yn de hjerst hâlden wurde. De gemeente mei de measte ynwenners organisearret de ferkiezingen.

Moatte de nije gemeenten yn maart ek opnij nei de stimbus?

Nee, dat hoecht net. De ferkiezingen fan novimber ferfange yn dat opsicht de reguliere gemeenteriedsferkiezingen yn maart.


 

(Advertinsje)
(Advertinsje)