133 tûzen euro útdield oan LF2018-projekten Hearrenfean

14 sep 2017 - 15:06
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Hearrenfean hat subsydzjes takend oan tweintich inisjatyfnimmers foar projekten yn it ramt fan LF2018 (Kulturele Haadstêd). Der wiene safolle goede foarstellen dat het budzjet dat beskikber wie, net genôch is. Yn totaal giet der goed 133.000 euro nei de projekten, dy't in bydrage leverje oan LF2018 op It Hearrenfean.

De Feanster projekten foar LF2018 bestean út in rom oanbod, ferspraat oer de hiele gemeente en rinne fan oktober 2017 oant en mei novimber 2018 . De fokus leit hjirby foaral op ekonomysk en kultureel duorsume inisjativen. Tink dêrby oan de histoarje en it fernijen fan Thialf, ferskate muzykeveneminten, de Fryske Matteüspassy en projekten mei it each op talintûntwikkeling.

(advertinsje)
(advertinsje)