Gjin fjoerwurkferbod yn Ljouwerter útgeanssintrum

(argyffoto)
Der komt mei âld en nij gjin fjoerwurkferbod yn it útgeanssintrum fan Ljouwert. Yn in part fan de stêd Grins komt sa'n ferbod der wol, mar neffens boargemaster Crone is soks yn Ljouwert juridysk net helber. Dan moat der sprake west hawwe fan oarderfersteurings. De gemeenteried fan Ljouwert wol eins in fjoerwurkferbod foar de hiele stêd, mar dat is net realistysk, seit Crone. Der mei mei âld en nij gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde by ferpleech- en sikehuzen, mar dat is al langer it gefal.