Syktocht nei ûnderfinings fan minsken mei demintens

© ANP
De Friesland Zorgverzekeraar, de Fryske ôfdieling fan Alzheimer Nederland en Zorgbelang Fryslân begjinne in ûndersyk nei de ûnderfinings fan minsken mei demintens en de help dy't se dêrby krije. De soarchorganisaasjes wolle witte at minsken thúsbegelieding krije en at se dêr tefreden oer binne. No moandei giet der in spesjaal meldpunt iepen, dêr't minsken oant 16 oktober telâne kinne. Fia it meldpunt kinne se anonym in fragelist ynfolje. Dat kin fia ynternet, mar ek telefoanysk fia 06-20295692.