Kommende wiken wurksumheden tusken De Lemmer en Balk

© ANP
Automobilisten tusken De Lemmer en Balk moatte de kommende wiken rekken hâlde mei ferkearshinder of in ôfsletten dyk. Dit fanwegen wurksumheden oan de provinsjale dyk tusken de twa doarpen, de N359. It wurk oan de dyk set op moandei 25 septimber útein.
Oan de ein fan oktober moatte de oanpassings klear wêze. De dyk krijt ûnder mear in nije asfaltlaach en ek wurdt in rotonde breder makke.