Tal reanimaasjehelpferlieners yn Ljouwert ferdûbele

It tal reanimaasjehelpferlieners yn de gemeente Ljouwert is it ôfrûne jier sawat ferdûbele. Dat meldt de stichting Fryslân Hartveilig. Op it stuit kinne mear as tûzen Ljouwerters oproppen wurde as der in needsituaasje is. Ferline jier gie it noch om seishûndert reanimaasjehelpferlieners. Ek it tal AED's yn de gemeente is flink útwreide, fan 49 nei 85 ynsetbere AED's. Neffens foarsitter Erwin Duursma fan Fryslân Hartveilig hat de gemeente it lêste jier in goeie slach makke.
Yn de hiele provinsje binne der yn totaal 8.193 Friezen dy't ynset wurde kinne as reanimaasjehelpferliener. Op it stuit binne der yn Fryslân 815 AED-apparaten.