Stoarmskea by Gondelfeart yn Droegeham

De stoarm fan woansdei hat foar grutte problemen soarge by de opbou fan de gondelfeart op tsjillen fan Droegeham. Ferskate gondels binne troch de stoarm skansearre. By ien fan de weinen stoarte de grutte tinte yn dy't brûkt waard foar de opbou. Dy bedarre boppe op de wein. De gondel kaam dêrtroch fêst te sitten.
Pas doe't de stoarm lizzen gie koe de wein ôffierd wurde nei in loads. De bouwers fan de gondel hawwe der alle betrouwen yn dat se nije wike freed en sneon dochs oan de gondelfeart meidwaan kinne.