Brân yn frachtauto by distribúsjesintrum Lidl

By it distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean hat woansdeitejûn brân yn in frachtauto west. Ek in oplizzer dy't neist de frachtwein stie, rekke yn 'e brân. Omdat ferskate oare frachtauto's flak by de brânende auto stiene gie de brânwacht fan It Hearrenfean en Tsjalbert fuortendaliks mei ferskate auto's nei it plak fan de brân. De ynset fan de brânwacht wie om foar te kommen dat it fjoer oerslaan soe nei in twadde frachtauto of nei it gebou fan de Lidl. Dat slagge, mar de frachtauto sels wie net mear te rêden.

De brân is nei alle gedachten ûntstien yn de kontener dy't de frachtauto ferfierde.Yn dy kontener siet lytse elektroanyske apparatuer.